BoargerAksjegroep Sis Tsiis

Sis Tsiis

Hoe stiet it mei it Frysk op jo skoalle?

Folje ús enkête hjirûnder yn!

Rûnom diele wy struibrieven út.

pylkjedelSjoch foar mear hjirûnder


Diskriminaasje yn Dokkum?

De boekwinkel fan Van der Velde yn Dokkum

Berjocht op de webside fan it Frysk Deiblêd

Parseberjocht fan Sis Tsiis fan 30 septimber 2022

De bern yn Dokkum en omkriten krije sa’t it no liket net de kâns om yn de Berneboekewike noflik yn Frysktalige berneboeken om te sneupen.

In pear jier lyn waard de lêste boekhannel yn Dokkum oernaam troch de firma Van der Velde út Ljouwert. Al gau waard it de leden fan ‘e Boarger Aksjegroep ‘Sis Tsiis’ dúdlik dat wêr’t de Nederlânsktalige berneboeken suver in eigen berneboekewinkel krigen, de Frysktalige berneboeken op in sneu plankje earne efterôf yn de grutte-minsken-ôfdieling fan de saak bedarren. Dat kin dochs net sa yn it haadplak fan in gemeente as Noardeast-Fryslân, dy't alle jierren op alle basisskoallen oan de bern fan in groep in Frysk boek jout, om harren te stypjen by it lêzen fan harren memmetaal.

Wy hawwe sa troch de jierren by de direktrise fan it filiaal en by de direkteur fan Van der Velde yn Ljouwert wol in kear of fjouwer-fiif frege om in bettere oplossing, mar nee wêr’t soks yn Ljouwert wol kin, kin soks yn it filiaal fan Dokkum perfoarst net.

Ommers as jo it Frysk foar it Nederlânsk oer net diskriminearje wolle, dan sille krekt as yn biblioteken en oare boekhannels yn Fryslân bern sokke boeken njonkenelkoar fine moatte. Benammen de lytsere bern dy’t noch foarlêzen wurde, kieze in boek no ienris net op taal mar op útstrieling. As bern, âlden, pakes en beppes earst in meiwurker freegje moatte oft de winkel ek Frysktalige berneboekjes ferkeapet, dan wurdt soks twa kear neat!

Wy wolle dêrom ûnder de Berneboekewike, 5 oant 16 oktober, aksje fiere. Wy trúnje der by boekhannel Van der Velde op oan om de Frysktalige berneboeken yn it filiaal yn Dokkum net langer op it janpoepsplak te ferstopjen, mar se foar de bern yn Dokkum en omkriten nei dy prachtige romte mei Nederlânske berneboeken te ferhúzjen. Dy pear boekjes kinne der wier wol by. Ommers, wy wolle itselde as de boekhannel yn Dokkum, dat der mear Frysktalige berneboeken ferkocht wurde. Of net soms?

BoargerAksjegroep 'Sis Tsiis'

30 septimber 2022


Sis Tsiis fiert aksje mei in enkête

Sels yn koroanatiid moat 'Sis Tsiis' aksjefiere foar better Frysk op skoalle. De foar it Frysk deadlike opmerking fan de deputearre Frysk, dat skoallen wol wat oars oan ‘e holle hawwe soene, skerpet ús om der boppe-op te sitten. Ommers as wy it oer it oanbieden fan ‘e haadfakken taal en rekkenjen hawwe, dan hawwe wy it sûnt 1980 fansels oer it Frysk en it Nederlânsk. Wy wolle dêrom ek yn dizze tiid it Frysk op ‘e skoallen goed yn it byld hâlde. Dat kin yn de foarm fan dizze permaninte enkête.

De ûndersikers Varkevisser en Walsweer hawwe wol in tsjok rapport skreaun oer hoe't it der mei it ûnderwiis hinne lei yn 2018. Mar hoe hat it him dêrnei ûntjûn? De skoallen rinne sels net bepaald te keap mei wat hja oan it ûnderwiis yn it Frysk dogge. Wy wolle mei dizze enkête kontinu de finger oan de de pols hâlde.

Der wurde mar in pear fragen steld, mar der is in goeie kâns dat jo net wis genôch binne om op alles antwurd te jaan. Dan freegje wy jo om der earst efkes mei de (berns-)bern oer te praten, of oars mei harren juffen en masters. Dat der oer praten wurdt is benammen ek in doel fan dit projekt. Dêr wurdt it besef fan it belang fan goed ûnderwiis yn de memmetaal by dejingen dy't by it ûnderwiis betrutsen binne grutter fan. En dat is nedich, want út it nijste rapport fan de ûnderwiisynspeksje docht bliken dat in soad skoallen sleau mei it Frysk binne, om't hja tinke dat de âlden Frysk ûnderwiis net stypje, wylst dy dat wol wichtich fine.

De resultaten fan de enkête binne op ús webstee kontinu oant en mei it lêste ynfolle formulier beskikber. Sa kin eltsenien op 'e hichte bliuwe fan alle ynformaasje dy't wy mei-inoar oandrage. De skoallen witte dan ek dat der nei sjoen wurdt. Soks hellet it bettere hâlden en dragen nei boppen.

Wy sille de enkête ek brûke by ús struibrieve-aksjes. Troch minsken op 'e dyk te freegjen om in enkête yn te foljen komme wy yn kontakt mei minsken en kinne wy in soad ynformaasje oer harren krite of plak ynwinne. De goede en de minder goede skoallen wurde dêrmei sichtber.

As mei de tiid der mear ynformaasje ynwûn wurdt, sil de resultaatside ek útwreide wurde. Wy kinne tiidbalkjes meitsje om de ûntjouwings wer te jaan. En de side sil dynamysker wurde mei't de brûker sels filters ynstelle kinne sil om spesifike groepen te selektearjen (ûnder- of boppebou, in bepaald plak of streek, ensfh.).


Neat mear as de datum en de ynformaasje dy't jo ynfolle hawwe wurdt nei ús tastjoerd en bewarre. Foar jo anonimiteit steane wy yn.

Ús ynformaasje oer de profilen fan de skoallen hawwe wy fan Wikipedy: List_fan_profilen_Fryske_taal_(basisskoallen) en List_fan_Profilen_Fryske_Taal_(Fuortset_Underwiis)

De enkête wurdt op dit stuit net mear ferwurke

De útslach oant no ta fine jo hjir


Lytse enkête oer it Frysk op skoalle

Sis Tsiis manifestaasje yn De Haach 26 juny 2019


Hawwe jo (berns-)bern op skoalle of binne jo in fersoarger fan skoalbern?
Binne jo: in âlder, in pake-of-beppe, of in oare fersoarger fan de bern?

Hoe hyt de skoalle?
(As jo it fjild twa kear oanklikke ferskynt in list mei skoallenammen.)
Namme:

Wêr stiet de skoalle?
(Stiet jo skoalle yn ús list, dan ferskynt it plak nei ien kear oanklikken.)
Plak:

Yn hokker groep(-en) sitte de bern dêr't jo noed foar stean?

Sitte dy: yn de ûnderbou, de middenbou de boppebou of yn de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis
(As jo bern yn mear as ien kategory hawwe, wolle jo dan in aparte enkête ynfolje foar eltse kategory? )

Oer de kwaliteit fan it ûnderwiis Hoe geregeld krije de bern it fak Frysk yn 'e wike?
Is dat: mear as 3 oeren, 2-3 oeren, 1-2 oeren, of minder as 1 oere?

Hoe faak wurdt it Frysk as fiertaal brûkt by in oar fak as it Frysk yn 'e wike?
Is dat: mear as 3 deidielen, 2-3 deidielen, 1-2 deidielen, of minder as 1 deidiel?
(In hiele skoaldei bestiet út twa deidielen)


Wat hâldt it fak Frysk yn?
De bern leare Frysk te lêzen en te skriuwen. (profyl A)
De bern leare Frysk te lêzen. (profyl B)
De bern sjogge nei de lesprogramma's fan Omrop Fryslân. (profyl C of leger, d.w.s. fierderop yn it alfabet)

Oer jo skoalle

De beoardieling fan it ûnderwiis Hoe wurdt op de skoalle it fak Frysk beoardiele?
Wurdt dat: mei in sifer, in (ûn-)foldwaande dien, of wurdt der gjin beoardieling jûn?

Witte jo hokker lesmetoade brûkt wurdt?
Nee.
Ja, dat is:


Wat fine jo fan it Frysk op dizze skoalle?
Is dat: prima, goed, of min?

Wolle jo noch in opmerking kwyt?
Dat kin hjir:

Is it allegearre nei jo sin ynfolle?


Wat wy earder dien hawwe...


Ús manifestaasje yn Ljouwert 17 oktober

Sis Tsiis manifestaasje yn Ljouwert 17 oktober 2019


Tongersdei 17 oktober 2019 is der in fisitaasje fan it Committee of Experts fan de Ried fan Europa nei oanlieding fan de lêste rapportaazje fan it ministearje fan Ynlânske Saken oan de Ried fan Europa oer de ymplemintaasje fan it Europeesk Hânfêst foar Regionale of Minderheidstalen (ratifisearre yn 1996) op it mêd fan it Frysk.

- As BoargerAksjegroep Sis Tsiis binne wy fan betinken dat dy rapportaazje al wer in fierstente moai byld jout fan wat der wier oan de hân is mei it Frysk. It rapport stelt dat der allegearre positive ûntwikkelings binne, mar wy sjogge rûnom ,grutte misstannen lykas dy by it Koopmans Kolleezje yn Hurdegaryp. Trijekwart fan de skoallen hâldt him net oan de wet!

Sjoch hjir foar mear ynformaasje oer dizze manifestaasje


Ús manifestaasje yn De Haach op fan 26 juny 2019

Frysk plysje-unifoarm

Ûntwerp foar in Frysk plysje-unifoarm

De Ried fan de Fryske Beweging, de FFU en Boargeraksjegroep Sis Tsiis hawwe op woansdei 26 juny mei in grut tal Friezen nei De Haach west om oan de Twadde Keamer en it regear dúdlik te meitsjen dat it Ryk better syn plichten neikomme moat oangeande it Frysk.

Dy dei kaam yn in Algemien Oerlis fan de Fêste Keamerkommisje fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes (AO) de stân fan saken oangeande it Frysk oan 'e oarder sa't dat foar de kommende perioade 2019-2023 yn de nije BFTK fan Provinsje en Ryk beskreaun stiet. Oanlieding wie in petysje fan de Ried, oanbean oan de Keamerkommisje yn desimber 2018, mei soargen oer tekoartkommings yn dy bestjoersôfspraak. Dat hat laat ta fragen oan de minister. De skriftlike reaksje fan de minister op dy fragen wie de Keamerkommisje net nei 't sin en dêrom is de minister opnij útnûge om yn de kommisje ferantwurding ôf te lizzen. By útstek de gelegenheid dus om as Fryslân sjen te litten dat we fan ‘De Haach' ferwachtsje dat se it Frysk serieus nimme en de ferplichtings neikomme sa't dy yn allerhanne hânfêsten, ramtferdraggen en wetten fêstlein binne.

Sjoch hjir foar mear ynformaasje oer ús reiske

Ús petysje foar de Twadde Keamer


Bernerjocht - Lykweardich Frysk ûnderwiis - No!

Op sneon 9 maart 2019 hat de BoargerAksjegroep ‘Sis Tsiis’ yn Ljouwert in demonstraasje hâlde foar better Frysk ûnderwiis hâlden. Goed ûnderwiis yn de memmetaal is in bernerjocht lykas fêstlein yn it Ramtferdrach foar de beskerming fan Nasjonale Minderheden en it Europeesk Ferdrach foar Regionale of Minderheidstalen. Der hat oant no ta noch net in rapport fan Committee of Experts of the European Charter for Regional or Minority Languages west dat it Nederlânske belied in ‘foldwaande’ joech.

 

Wy binne fan betinken dat alle minsken gelyk binne en dat Fryske bern lykweardich binne oan Hollânsktalige bern,dy’t folweardich ûnderwiis yn harren memmetaal krije.

 

Fan lykberjochtiging = fan Fryske bern is yn it ûnderwiis yn Fryslân noch lang gjin sprake, mei as gefolch dat 85% fan de Fryske bern as analfabeet yn de memmetaal fan skoalle komt, wylst it Frysk al 38 jier as ferplichte fak yn de wet opnommen is. It Taalplan fan de provinsje hâldt yn dat it noch 12 jier duorje mei foardat alle skoallen oan de kearndoelen foldogge, sadat der dus in heale iuw ferlern gien is foardat de wet útfierd wurdt.

Útstjoering Hjoed fan Omrop Fryslân fan 9 maart (it stiet op 3.40 minuten)

en it radioreklamespotsje

Sjoch hjir foar de foto's fan ús manifestaasje en de praatsjes


Ús struibrief foar de ferkiezings fan 20 maart

Ús struibrief is ek tagelyk in stimwizer foar de Provinsjale ferkiezings fan 20 maart.

Der is ek fotoboekje makke fan ús struibrieveaksje op 25 febrewaris by de ôftraap fan de kampanje foar de Provinsjale Steateferkiezings.

Om ús better fan de omstanners ûnderskiede te kinnen, hawwe wy blauwe heskes oan.

Sjoch hjir foar ús ferliking fan trije stimwizers



In presintsje fan 'Sis Tsiis' foar de Ljouwerter skoallen mei in B-profyl

banner1desimber

 

Op 1 desimber hawwe wy mei in ploechje 'Sis-Tsizers' tusken twaën en fjouweren sa'n tûzen struibrieven útsutele op de Nijstêd.

Sjoch hjir foar it filmke fan de Ljouwerter Krante

Om trije oere begûn it evenemint foar de skoallen. De bern dan de Wynwizer en de Franciscus-skoalle hawwe harren tige fermakke mei de krêftspultsjes fan Wout Zijlstra. Dêrnei wie de priisútrikking en krigen de skoallen  in oarkonde en in pakket fan sa'n fyftjin boeken foar de bibleteek.

Wy hawwe mear foto's yn in lyts fotoalbum fan it evenemint.



Wat is de BoargerAksjegroep 'Sis Tsiis' (BAST)?

'Sis Tsiis' is in aksjegroep fan gewoane boargers dy't harren ynsette foar harren memmetaal. Hja wolle dat de bern dy taal goed leare kinne en ek leare dat hja wiis wêze meie om wêr't se wei komme. En dêrom bestride wy ek de diskriminaasje fan ús taal.

'Sis Tsiis' wie oprjochte om de demonstraasje fan 22 desimber 2016 te organisearjen. Dêr die bliken dat der ferlet wie fan mear aksjes. Yn twa opsichten: Friezen wolle mear dwaan foar harren taal en om risseltaat te berikken moatte wy ek oanhâlde as storein.

BAST is in ploech sûnder hiërargyske organisaasjestruktuer en hat ek net in rjochtspersoan yn de foarm fan in stifting of in feriening.
Der is in 'Stifting Sis Tsiis', dy't as rochtspersoan saken foar de rjochter begjinne kin. No krewearret de stifting foar in proses tsjin de Nederlânske oerheid by it Europeeske Hôf, om de oerheid te twingen om syn wetlik fêstleine soarchtaken foar it Frysk oer út te fieren.

Om aksjes útfiere te kinnen, wurdt BAST finansjeel stipe troch in oare stifting: it 'Ûnderwiisfûns foar de Fryske Taal'. Dy organisaasje is oprjochte yn 1909, doe't it foar it earst mooglik waard om Frysk op skoalle te jaan. Dat wie dan wol bûten skoaltiid en op frijwillige basis sawol foar learlingen as foar ûnderwizers. 14 legere skoallen binne sa begûn mei it jaan fan it fak Frysk. It doel fan it ûnderwiisfûns wie om jild yn te sammeljen foar de oanskaf fan lesmateriaal foar dy skoallen. De oprjochters fan itÛnderwiisfûns wiene: Waling Dykstra, Cornelis Wielsma, Petrus Adrianus Wilhelmy, Sjirk van der Burg, Pieter de Clerck, Jan Jentsje Hornstra en Onno Sytstra.

As jo ús no finansjeel stypje wolle, kin dat troch in jefte oer te meitsjen nei de bankrekken fan it 'Ûnderwiisfûns foar de Fryske Taal':
NL 12 ABNA 0822 4870 12

Wolle jo reagearje op dizze side? Brievebus

Stride jo ek mei?
Wolle jo ús helpe om ús struibrieven te te fersprieden?
Jo sille fernimme dat in hiel soad minsken hert hawwe foar harren memmetaal. Mar ja, hoe faak komt it no yn de praktyk foar, dat men dêr wat fan fernimt?
Dizze siden binne frij fan 'cookies' en personalisearre reklame.
Yn ús eagen binne jo net it produkt, mar in persoan dy't wy ynformearje wolle om ta in wiis oardiel te kommen.
Fine jo wat wy dogge in goede saak, en wolle jo ús stypje, dan meitsje jo ús tige bliid.
Jo kinne altiten meidwaan oan aksjes fan 'Sis Tsiis'.
Jo binne hjirby ek útnûge om jo by ús aksjegroep oan te sluten.
Jo kinne ús ek finansjeel stypje troch in bedrach oer te meitsjen op:
bankrekken NL 12 ABNA 0822 4870 12
o.n.f. Stifting Fryske Taal